Home
General
News
Latest news
Foestrumer
Feest 2016
Feest 2010
Feest 2007
Feest 2004
Winterphotos
4th of May
MFC
Archief 2015
Archief 2014
Archief 2013
Archief 2012
Archief 2011
Archief 2010
Tour
History
Surroundings
Links
Search/info
1250 jaar
Pl. Belang
Reactions
0-1-2-3-4-5-6-7-8-9-10-11-12-13-14-15-16-17-18-19-20-21-22-23-24-25-26-27-28-29-30-31-32-33-34-35-36-37-38-39-40-41-42-43-44-45-46-47-48-49-50-51-52-53-54-55-56-57-58-59
                                           Veel belangstelling Dodenherdenking Westergeest
04-05-2019

Zaterdagavond waren er veel kinderen met hun ouders bij de Dodenherdenking in Westergeest.
Vanaf half 8 kon men zich verzamelen bij de Tredder waarna een stille tocht werd gelopen naar de begraafplaats .
Na een welkomst woord op de begraafplaats door Wierd kooistra waren er 2 kinderen van de Basisschool De Binning die gedichten voor lazen.  Jellie hania het gedicht: Toen  en Yme Jacob de Vries het gedicht: Dodenherdenking 4 mei .

Daarna was er een toespraak van de wethouder Jouke Douwe De Vries.

Achte oanwêzigen, jonges en famkes,
Hjoed is it 4 maaie. De dei dat yn ús lân de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betocht wurde. En ek de slachtoffers fan oarlogen en fredesmissys nei de tiid. Hjir yn Westergeast binne wy hjoed ek 2 minuten stil…

Want ek hjir yn dizze omkriten wie de oarloch tichtby. Minsken wiene bang. Bang om oppakt te wurden, bang foar ferried. Se libben yn eangst. Eat wat wy ús hjoed-de-dei net mear yntinke kinne.
Anno 2019 libje wy yn frijheid en meie wy tinke en sizze wat wy wolle. Dat is in tige kostber geskink. Dy frijheid hiene wy goed 70 jier lyn net.
Hjoed betinke wy hjir, yn it foarste plak, dyjingen dy’t foar ús frijheid de heechste priis betellen. Guon fan harren lizze hjir yn Westergeast ek te hôf.
Op 12 oktober 1941 is hjir in bommewerper delsketten. Alle 6 bemanningsleden kamen hjirby om it libben en binne hjir te hôf brocht.


(It binne:
•    Sergeant George Frederick Bateman, 21 jier
•    Sergeant Harold Frederick Eyre, noch mar 19 jier
•    Piloat Offisier Fredrick Jenkins, 25 jier
•    Sergeant Harry Richard Legg, 23 jier
•    Sergeant  Ernest Robert Butson Magrath, 28 jier
•    Sergeant Peter Alan Milton, 20 jier)

Goed oardel jier letter, op 4 maaie 1943, waard hjir by Westergeast op ‘e nij in fleantúch  delsketten. Alle sân bemanningsleden kamen om. Twa fan harren binne hjir te hôf brocht op dit begraafplak.
•    (Flight Sergeant Kenneth Howard Buck, 20 jier
•    Sergeant George Rose, leeftyd ûnbekind)

Minsken, dizze freeslike saken barden hjir -noch mar-  goed 70 jier lyn. Sa lang lyn is dat dus noch net.
It is dan ek goed om te sjen dat hjir hjoed jongere generaasjes oanwêzich binne. Want, de ferhalen fan goed 70 jier ferlyn moatte ferteld wurde, ek oan ús bern en bernsbern. It libjen yn frijheid is nammentlik alhiel net fanselssprekkend.

Wy kinne allegear sa stadichoan de freeslike bylden út Syrië wei dy’t ús hast alle dagen fia de tillevyzje, fia de krante of it ynternet berikke. Bylden fan oarloch, fan minsken op ‘e flecht en yn de ellinde. Bern sûnder âlden en swier traumatisearre. Frijheid mei nea iets fanselssprekkend wurde. Want frijheid betsjut ek it meielkoar libjen as mienskip. Nimmen bûtenslúte op basis fan leauwen, oertsjûging of geaardheid.  Wy moatte dan och sa tinke om ús frijheid!

We moatte stean foar ús frijheid! Mei ús allen!

Om 20.00 uur was er 2 min stilte daarna werden er bloemen gelegd door Silke Rottiné en Aukje Lisanne namens Plaatselijk belang.
Namens de basisschool De Binning werd er bloemen gelegd door Gerrit van der Bij.
Daarna was er de gelegenheid voor de overige aanwezigen om de bloemen te leggen bij de graven.