Start
Algemeen
Nieuws
Laatste nieuws
Foestrumer
Feest 2016
Feest 2010
Feest 2007
Feest 2004
Winterfoto's
Dodenherdenking
MFC
Archief 2015
Archief 2014
Archief 2013
Archief 2012
Archief 2011
Archief 2010
Rondleiding
Agenda
Geschiedenis
Omgeving
Links
Zoeken/info
1250 jaar
Pl. Belang
Reacties
0-1-2-3-4-5-6-7-8-9-10-11-12-13-14-15-16-17-18-19-20-21-22-23-24-25-26-27-28-29-30-31-32-33-34-35-36-37-38-39-40-41-42-43-44-45-46-47-48-49-50-51-52-53-54-55

Tryater twa wike  yn De Tredder

Tryater strykt foar de leste repetysjewike en de earste spylwike fan harren nije foarstelling De wierheid fan Wylgeragea del yn MFC De Tredder yn Westergeast. Dêrnei giet de foarstelling op reis by teaters en sealen yn de provinsje del. Fan 26 septimber oant en mei 30 septimber wienen der repetysjes yn De Tredder, op 4, 5, 6 en 7 oktober binne der try-outs en op 8 oktober is de premjere.

Freedtemiddei 30 septimber koenen Westergeasters even komme te sjen en in drankje drinke mei de spilers en meiwurkers fan Tryater.

Foar de try-outs fan 4, 6 en 7 oktober binne kaarten te keap by Sonja Bijlstra, 0511-442860/0511-442502 of kaartferkeap@gmail.com. Ynwenners fan Westergeast en De Triemen krije de helte koarting op kaarten foar de spesjale doarpsjun op freed 7 oktober. De wierheid fan Wylgeragea is in grimmitich-grappige foarstelling oer in doarp dat it kwea buten de doar besiket te hâlden.