Start
Algemeen
Nieuws
Laatste nieuws
Foestrumer
Feest 2016
Feest 2010
Feest 2007
Feest 2004
Winterfoto's
Dodenherdenking
MFC
Archief 2015
Archief 2014
Archief 2013
Archief 2012
Archief 2011
Archief 2010
Rondleiding
Agenda
Geschiedenis
Omgeving
Links
Zoeken/info
1250 jaar
Pl. Belang
Reacties
0-1-2-3-4-5-6-7-8-9-10-11-12-13-14-15-16-17-18-19-20-21-22-23-24-25-26-27-28-29-30-31-32-33-34-35-36-37-38-39-40-41-42-43-44-45-46-47-48-49-50-51-52-53-54-55

Tryater fan 26 septimber oant en mei 8 oktober yn De Tredder

 Tryater strykt foar de leste repetysjewike en de earste spylwike fan harren nije foarstelling De wierheid fan Wylgeragea yn MFC De Tredder yn Westergeast.
Fan 26 septimber oant en mei 3 oktober binne der repetysjes, fan 4 oktober oant en mei 8 oktober foarstellingen.
Westergeasters binne fan herten utnoege om op freed 30 septimber om 15:30 oere del te kommen om in stikje repetysje te sjen en in drankje te drinken, op 2 oktober om 19:30 oere foar
in junsgebed troch ds. Bernard de Boer yn it dekor fan de foarstelling en op freed 7 oktober om 20:00 oere om de foarstelling te sjen op de Westergeaster jun. Kaarten foar de Westergeaster jun binne te bestellen by

Sonja Bijlstra, 0511-442860/0511-442502 of kaartferkeap@gmail.com.

Tryater is tige bliid mei de gearwurking mei Westergeast. De seal fan De Tredder lient him perfekt foar it dekor, in untwerp fan Jan Ros, dat tagelyk de tribune is. Dat de skoalle en safolle oare fasiliteiten en aktiviteiten ek in plak yn De Tredder hawwe, biedt mooglikheden om by inoar ‘yn ‘e keuken’ te sjen en meiinoar te praten oer it tema fan de foarstelling. De spilers en meiwurkers fan Tryater treffe jim graach yn De Tredder.