Tryater fan 26 septimber
oant en mei 8 oktober yn De
Tredder
Tryater
strykt foar de leste
repetysjewike en de earste spylwike fan harren nije foarstelling De
wierheid
fan Wylgeragea yn MFC De Tredder yn Westergeast.
Fan 26 septimber oant en mei 3 oktober binne der repetysjes, fan 4
oktober oant
en mei 8 oktober foarstellingen.
Westergeasters binne fan herten utnoege om op freed 30 septimber om
15:30 oere
del te kommen om in stikje repetysje te sjen en in drankje te drinken,
op 2
oktober om 19:30 oere foar
in junsgebed troch ds. Bernard de Boer yn it dekor fan de foarstelling
en op
freed 7 oktober om 20:00 oere om de foarstelling te sjen op de
Westergeaster
jun. Kaarten foar de Westergeaster jun binne te bestellen by
Sonja Bijlstra,
0511-442860/0511-442502 of kaartferkeap@gmail.com.
Tryater is
tige bliid mei de gearwurking mei Westergeast. De
seal fan De Tredder lient him perfekt foar it dekor, in untwerp fan Jan
Ros,
dat tagelyk de tribune is. Dat de skoalle en safolle oare fasiliteiten
en
aktiviteiten ek in plak yn De Tredder hawwe, biedt mooglikheden om by
inoar ‘yn
‘e keuken’ te sjen en meiinoar te praten oer it tema fan de
foarstelling. De
spilers en meiwurkers fan Tryater treffe jim graach yn De Tredder.
|